De Leidraad

Soarchbedriuw De Leidraad is rom opset. Elk kriget hjir de romte en de kâns om te ûntwikkeljen. Mar dochs binne we in lyts bedriuw, mei in soad persoanlike oandacht foar al ús dielnimmers.

Soarchbedriuw De Leidraad makket wurkjen en learen yn in ynspirearjende omjouwing mooglik. Foar elkenien. Wêr'tst ek weikomst, wêr'tst ek yn leaust of hoe'tst ek nei de wrâld om dy hinne sjochst: op De Leidraad bist wolkom!

Kinsto wol wat stipe brûke?

De Leidraad wurket manmachtich en mei in soad leafde en oandacht foar minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne. Bygelyks om’t se ferstanlik of lichaamlik beheind binne, in (eks-)psychiatryske eftergrûn hawwe, in plak yn de mienskip sykje of fêstrûn binne yn it wurk. De Leidraad stipet dizze minsken en helpt se op wei. Us dielnimmers bepale sels oft se nei rjochts of links wolle. Sy fertelle ús wer’t se hinne wolle, wy stypje se.

Lytsskalich, mei in soad persoanlike oandacht

De Leidraad is in lytsskalich soarchbedriuw yn De Falom, Fryslân. Fan de deibesteging (moandei oan’t en mei freed, 09.00 oant 15.00 oere) meitsje deis tsien oant tweintich dielnimmers gebrûk. Op ús bedriuw kriget elk persoanlike oandacht. Dat kin om’t we bewust in lytse organisaasje binne en der by ús professionals, entûsjaste frijwilligers én geweldige stazjêrs wurkje. Sa is der altyd, foar elk oandacht, stipe en fansels gesellichheid. Sa soargje we dat elk it nei’t sin hat op De Leidraad.


Fertroud en transparant

Dat elk op syn of har eigen wize leart is by ús like wichtich as de sfear yn de groep. Foar dy sfear soargje we tegearre: meiwurkers, dielnimmers, frijwilligers en stazjêrs. Tegearre binne we De Leidraad. We dogge dêrom geregeld in klanttefredenheidsûndersyk en twa kear yn’t jier is der in gearkomste foar alle dielnimmers. Dat binne dé mominten om te sizzen wat der oars kin of better moat. Fan in dak boppe de hollen fan de hynders en mear biologysk iten op de kaart oant in pottebakkersoven: as it ús belutsen dielnimmers de kâns jout om te learen yn in noch moaiere, bettere, fertroude omjouwing, dan geane we der mei inoar foar.

It wurdboek fan De Leidraad

Op De Leidraad ha we gjin kliïnten, mar dielnimmers. Hiel bewust kieze we foar in aktiver wurd, om’t ús dielnimmers ek folslein en folweardich dielnimme oan De Leidraad. Ek ha we’t hjir net oer begelieding, mar oer stipe. We stypje de dielnimmers as se it noadich ha, mar witte ek wannear’t we in stapke werom dwaan kinne.


In erkende kwaliteit fan soarch

De Leidraad wurdt jierliks sertifisearre troch ferskate organisaasjes. Sy kontrolearje oft wy oan de easken foar lear- en staazjebedriuwen foldogge. Fansels lústerje we ek hiel goed nei de miening fan ús kliïnten. Dêrom dogge we elk jier in tefredenheidsûndersyk en geane we mei de resultaten lyk oan de gong.

In earste yndruk

dy't do ien kear!

Ús webside makket gebrûk fan cookies en dêrmei fergelykbere techniken. Klik op 'Ik gean akkoard' om tastimming te jaan foar it plakken fan cookies. Lês mear oer cookies