Help en stipe

De ien hat mear stipe noadich as de oar. Dêrom sjogge we op De Leidraad tegearre nei hoefolle stipe asto krigest.

Elk hat ien noadich om op werom te fallen as it allegearre net mear wol. De meiwurkers fan De Leidraad binne die persoan foar har dielnimmers. We steane klear, lústerje goed en jouwe help en stipe ast it sels even net mear wist.

Yndividuele stipe

De meiwurkers fan De Leidraad jouwe yndividuele stipe (persoanlik en ien op ien) en stipe op maat. Dat betsjut dat we dy en dyn situaasje kinne en helpe as we sjogge dat it noadich is of asto der om fregest. De stipe dy’t we biede past by dy. We witte hoefolle romte en frijheid asto wolst en fansels respektearje we dat. Sa hat de ien mear help noadich by deistige saken en wol de oar júst mear stipe by it meitsjen en hâlden fan kontakt en it fergrutsjen fan it eigen netwurk. Guon stypje we by administrative saken, oare helpe we by it oplossen fan knipepunten dy’t de ûntwikkeling yn de wei steane. It is mar krekt watsto wolst!

Op eigen krêft

De baas wêze oer eigen leven, dat wolle we allegearre. Do fansels ek! En dat kin ek, der leauwe wy yn. Mar somtiden is dy krêft even fuort en slagget it net om it leven te ha datst it alderleafst hast. De Leidraad helpt dan by it op krêften komme en soarget yn de tuskentiid foar help en stipe by alderhande saken. Fan de administraasje oant lekker en sûn iten. Fan kontakten lizze oant problemen oplosse. Sa hasto tiid en romte om dyn krêft werom te finen.

Ek stipe thús

De Leidraad hâldt net op mei help en stipe by de grinzen fan ús eigen hiem. Ek ast thús bist en help noadich hast, kinst in berop op ús dwaan. Tegearre sykje we nei stipe dy’t wurket. Foar dy en dyn omjouwing.

Ús webside makket gebrûk fan cookies en dêrmei fergelykbere techniken. Klik op 'Ik gean akkoard' om tastimming te jaan foar it plakken fan cookies. Lês mear oer cookies