Deibesteging dy’t wurket!

By De Leidraad giet it net om hoefolle ast op in dei dochst, mar mear datst oan it ein fan de dei grutsk bist op watst dien hast!

Wurk dwaan datst moai fynst, wêr’tst grutsk op bist, wêr’tst in goed gefoel fan krigest. Dat is der foar elk. By De Leidraad helpe wy ûntdekke wat foar wurk asto moai fynst en wêr’tst fierder mei wolst.


Meidwaan yn de mienskip

‘Maatschappelijke particiatie’ is eins neat oars as meidwaan. Meidwaan om mei te tellen yn de mienskip. En hoe’tst meidochst, is foar ús allegearre oars. It giet der om datst wille hast yn watst dochst, en dat it wurk datst dochst by dy past. Guon minsken witte krekt wat se wolle, foar oaren is dat noch even sykjen. De Leidraad helpt ûntdekken wat der by dy past. En ast it al krekt wist, dan sjogge we tegearre hoe’tst dêryn fierder ûntwikkelje kinst.

Pottebakken, iten siede, yn de tún wurkje, timmerje: wat liket dy moai?

Op De Leidraad ha we alle romte. We hawwe hynders, geiten en in hûn, mar ek in grutte grientetún, in moaie siertún, in fiver, in wurkpleats, fruitbeammen, in teetún en noch folle mear. En alles hat fansels soarch en oandacht noadich. Wat liket dy moai? Witst al krekt watst wolst of is kiezen dreech? By ús kinst alles besykje, fan pottebakken oant iten siede en fan it fersoargjen fan de bisten oant it helpen yn de teetún. By ús kinst altyd dwaan watst it alderleafste dochst!

In earste yndruk

dy't do ien kear!

Ús webside makket gebrûk fan cookies en dêrmei fergelykbere techniken. Klik op 'Ik gean akkoard' om tastimming te jaan foar it plakken fan cookies. Lês mear oer cookies