In sinfolle dei-ynfolling mei de júste foarm fan stipe
Wy helpe dy by it werfinen fan dyn krêft
Wy helpe dy by it werfinen fan dyn krêft of helpe dy krekt by it finen fan de goede balâns tusken ynspanning en ûntspanning. Foar elkenien is it doel fan deibesteging wer oars en wurdt dit ek wer oars ynfolle. Wat wol foar elkenien jildt; as it net slagget steane wy foar dy klear, biede in lústerjend ear of stipe yn’e rêch. Wy stelle mei-inoar doelen op dêr’t wy ek mei-inoar oan wurkje.
Wy soargje foar help en stipe by ferskate saken. Fan itensieden oant de administraasje en fan kontakten lizze oant problemen oplosse. Sa hasto tiid en romte om dyn krêft werom te finen.





Timmearje, túnkje, iten siede, kreatyf dwaande wêze of bisten fersoargje. Wat past by dy??
Foar elkenien is op De Leidraad wol wat te dwaan. Bygelyks bisten fersoargje, in blokje om op de duofyts, helpe yn de keuken of oan de slach yn de tún. Untspanning en wille hawwe yn watst dochst is it belangrykste! Dat hawwe wy ek :).
Grutte en lytse bisten fersoargje
Hynders, skiep en kninen. Op ús hiem binne allegearre bisten. Jou dy se farsk foer en wetter? Efkes krûpe mei erfhûn Twirre of kat Freddy mei fansels ek.
Timmearje yn de wurkpleats
Yn de wurkpleats is der folop romte om oan de slach te gean. Oft je no wat praktysk foar op it hiem meitsje wolle oft je kreativiteit de frije rin litte: it kin allegear. Wy soargje foar de materialen en in romme kar oan ark.
Oan de slach yn de tún en grientetún
Wy hawwe in grientetún, in siertún en in hôf. Hjir rispje wy soppich fruit, farske griente en moaie blommen.
Alles yn it sop
Mei ús eigen yngrediïnten meitsje wy ús deistich sop foar de lunch, mar wy bakke ek taarten foar de teetún en meitsje de rispinge yn. Hâldsto fan itensieden? Help dan mei yn'e keuken om wat lekkers op'e tafel te setten of nije resepten út te probearjen.
Help mei, skink sfear en tee
Yn ús teetún is elkenien wolkom foar in kop tee en wat lekkers. Do servearrest iten en drinken oan ús gasten by de fiver of op de feranda.
Atelier
Yn ús kreatyf atelier kinsto útbesykje watsto leuk fynst, of krekt noch nea earder dien hast. Skilderje, mei de hannen yn de klaai of krekt op de naaimasine!
By De Leidraad biede wy persoanlike stipe
Wy kenne dy en dyn sitewaasje. Je krije de romte om jesels te ûntwikkeljen. Kinst earne wat help by brûke? Dan jouwe wy dy in steuntsje yn’e rêch.
De ien hat mear help nedich by de deistige dingen, wylst de oar mear ferlet hat fan help by it lizzen fan kontakten. Wy kenne dyn oandachtspunten en dogge wat der binnen ús macht leit om dy te helpen.