Alle dagen begjinne wy op'e nij

By De Leidraad komme minsken mei ferskate eftergrûnen en fan ferskillende leeftiden. Untstien as famyljebedriuw wurkje wy mei in hecht team fan professionals, frijwilligers en stazjêrs.

Mei soarch en oandacht sette wy ús foar elkenien yn dy’t stipe yn’e rêch brûke kin. Op ús soarchbedriuw yn De Falom biede wy fan moandei oant en mei freed deibesteging fan 09.00 oant 15.00 oere.

Do fertelst ús wêr’tst hinne wolst, wy stypje dy dêrby. Nim kontakt mei ús op om te hearren wat wy foar dy of dyn neiste betsjutte kinne.

In lústerjend ear, iepen blik en fertroude gesichten

We soargje der graach foar dat elkenien it nei it sin hat op De Leidraad. Dêrom evaluearje wy geregeld, fiere wy tefredenheidsûndersiken út en organisearje wy dielnimmersgearkomsten. We hearre graach hoe’t we it dogge en wat der (noch) better kin.

By ús stiet leare en aktyf wêze yn in fertroude omjouwing sintraal. We freegje ús dielnimmers wat foar harren wurket en sette dit fuortendaliks om yn aksje. Sa groeie hja – en wy – alle dagen fierder. Wy foldogge oan de easken fan kwaliteit en litte ús dêr geregeld op toetsen.

Us noflike plak

Wy moetsje dy graach op De Leidraad

De Leidraad leit yn de buert fan natuergebiet De Houtwiel en is mei de auto maklik te berikken fia de N 356.
Us adres is Achterwei 6, 9109 AH De Falom.

Kinst wol in bytsje stipe brûke?

Nim kontakt op
Wês wolkom