Staazje rinne by De Leidraad

Kom by ús dyn talint ûntdekke!

Op dizze webside lêst wat De Leidraad docht. Sprekt dit dy oan, as helpferliener fan de takomst? Wolst in staazje by ús dwaan? Goed nijs! De Leidraad hat geregeld staazjeplakken foar studinten en learlingen fan alderhande opliedingen en ûnderwiisfoarms. We biede in staazje wêr’tst in soad fan learst. Dat kinne wy biede troch ús praktykoplieders. Sy soargje der tegearre mei ús dielnimmers foar datst dy hjir gau thúsfielst en datst binnen ús brede bedriuw dyn talinten ûntdekst en ûntwikkelest.

Feilich lear- en wurkplak foar learlingen út it spesjaal ûnderwiis

Ek foar learlingen út it spesjaal ûnderwiis dy’t in moai en feilich plak sykje om harsels te ûntwikkeljen, ha we fansels romte. Alle romte sels, en ek noch ris goeie praktykoplieders dy’t de tiid nimme om dy te helpen by it ûntdekke fan dyn talinten.

Sa sollisitearrest nei in staazje-fakatuere

Ynteresse yn in staazjeplak by De Leidraad? Nim kontakt mei ús op foar de mooglikheden en de staazje-fakatueres.

Sertifisearre lear- en staazjebedriuw

De Leidraad wurdt alle jierren sertifisearre troch ferskate ynstânsjes. Sy kontrolearje of we oan hege easken foar lear- en staazjebedriuwen foldogge.

Ús webside makket gebrûk fan cookies en dêrmei fergelykbere techniken. Klik op 'Ik gean akkoard' om tastimming te jaan foar it plakken fan cookies. Lês mear oer cookies