Persoanlike en lytsskalige soarch, yn 'e midden fan 'e Fryske natuer
It fertroude adres foar in sinfolle ynfolling fan de dei.
De Leidraad is rom opset, mar tagelyk lytsskalich fan aard. En dat is in bewuste kar, omdat wy it wichtich fine dasto dy feilich en fertroud fielst om nije útdagings oan te gean. Hjir krigest de romte om dysels te ûntwikkeljen yn de rjochting dy’sto op wolst.
-
Persoanlike oandacht
In lústerjend ear en fertroude gesichten.
-
Folop stipe
In team fan professionals en frijwilligers. Regionale ferbûnens
-
Regionale ferbûnens
In Frysk bedriuw mei belutsenheid.
-
Lanlike lizzing
Rike natuer, mei folop grien en bisten.
15+ jier
Underfining mei dwaan wat by dy past



By ús dochst watsto it leafste dochst
By De Leidraad sette wy mei-inoar stappen om te kommen ta de deiynfolling dy't by dy past. Miskien witst al krekt watst moai fynst of hast noch gjin idee. Dat is gjin inkeld probleem, want by ús kinst (hast) alles útprobearje.
Grutte en lytse bisten fersoargje
Hynders, skiep en kninen. Op ús hiem binne allegearre bisten. Jousto se farsk iten en drinken? Efkes krûpe mei hiemhûn Twirre of de kat Freddy mei fansels ek.
Timmearje yn de wurkpleats
Yn de wurkpleats is der folop romte om oan de slach te gean. Oft je no wat praktysk foar op it hiem meitsje wolle oft je kreativiteit de frije rin litte: it kin allegear. Wy soargje foar de materialen en ha in soad ark dast brûke kinst.
Plakke yn de tún en grientetún
Wy hawwe in grientetún, in siertún en in appelhôfke. Hjir rispje wy ryp fruit, farske griente en moaie blommen.
Alles yn ‘e sop
Mei ús eigen yngrediïnten meitsje wy ús deistige sop foar de lunch, mar wy bakke ek taarten foar de teetún en meitsje de rispinge yn. Hâldsto fan itensieden? Help dan mei yn'e keuken om wat lekkers op'e tafel te setten of nije resepten út te probearjen.
By ús krijt elkenien persoanlike oandacht
Wy binne in organisaasje mei koarte linen. Us fêste professionals hawwe omtinken foar alle dielnimmers en kenne dyn ferhaal. Boppedat binne der betûfte frijwilligers en entûsjaste stazjêrs. Untspanning en wille hawwe yn watst dochst is it belangrykste! Dat hawwe wy ek 😉